Winsum wint FK Jeu de Pelote

27 jun 2014 - 22:36
  • De winnende ploech fan Winsum

Winsum is der by de 16e edysje fan it Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote lang om let yn slagge de titel te pakken. Foar in smite folk op it plein fan Easterlittens waard de finale fan Bitgum mei 9-8 en 40-40 wûn. Op dy stân miste Cornelis Terpstra it perk. By de ferliezende Bitgumers krige Johan van der Meulen in pear kear de hannen opelkoar doe't hy syn opslach 'oerlevere', dat wol sizze de opslach oer it hiele fjild fan 72 meter slaan. De tredde prizen wiene foar Tsjummearum en Easterlittens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)