Winston Churchill woe It Amelân besette

29 jan 2015 - 15:18
  • It Amelân

Winston Churchill hie foar de Earste Wrâldoarloch it plan om It Amelân te besetten. Hy wie doe minister fan Marine fan Ingelân. It Amelân koe yn it gefal fan in oarloch tsjin Dútslân tsjinje as útfalsbasis foar de Britske marine. De marine koe fia it eilân besykje de Dútske float skea ta te bringen.

Dat de plannen net trochgongen kaam omdat Churchill opstappe moast as minister. Dat wie neidat de Britten en de Frânsen yn 1915 de slach om it Turkse skiereilân Gallipolli ferlearen, wêrby't 220.000 soldaten omkamen, ferwûne of fermist rekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)