Winst Zielman en Timmerman

01 jan 2011 - 16:37
  • Carla Zielman (foto: Sportfoto.nl)
  • Karlo Timmerman wint (foto: Sportfoto.nl)

Carla Zielman fan Rottum by de froulju en Karlo Timmerman fan Grins by de manlju ha de earste oerwinning yn it nije jier binnen. Op it keunstiis fan Biddinghuzen wie Zielman nei 50 kilometer de rapste fan in kopgroep fan trettjin froulju. Zielman, Nederlânsk kampioene op keunstiis, fersloech Daniëlle Bekkering en Andrea Sikkema (Aldeberkeap).

Karlo Timmerman wie ek de rapste fan in grutte kopgroep. Ingmar Berga waard nei 75 km twadde, Geert Plender tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)