Winst Werle, ferlies Visser

21 jun 2006 - 10:51

Jan Werle fan Beetstersweach hat tiisdei yn de fjirde ronde fan it Nederlânsk Kampioenskip Skaken wûn fan Jan Smeets. Mei de oare Fries Yge Visser gie it minder. Hy ferlear foar de tredde kear op rige. No fan Daniel Stellwagen.

Jan Werle stiet yn it tuskenklassemint no dield tredde mei twa punten. Visser stiet dield lêste mei ien punt. Koprinner nei fjouwer ronden is Sergei Tiviakov mei 3,5 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)