Winst trio Noorman yn Jorwert

12 jun 2011 - 16:53
  • It winnende partoer (foto: sportfotografie Hijlkema)

Ilse Noorman, Feikje Bouwhuis en Aukje van Kuiken ha de útnoegingspartij yn Jorwert wûn. Yn de striid om priis en preemje waarden Afke Kuipers, Romy van der Veen en Miranda Scheffer mei 5-4 en 6-4 ferslein.

Op dizze haadklassepartij wiene amper spannende partijen. De finale like ek iensidich te ferrinnen. It partoer Noorman naam in foarsprong fan skjinne trije earsten, mar dêrnei kaam it partoer Kuipers sterk werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)