Winst Snits Wyt Swart, lykspul foar FVC

01 mrt 2015 - 15:59

Snits Wyt Swart wûn snein mei 3-2 fan Quick '20. Op eigen fjild hienen de Snitsers in goede start. Al nei 2 minuten wipte Age Hains Boersma de bal oer de keeper en sette syn ploech op 1-0. Yn de 11e minút tekene Tjeerd Andringa foar de 2-0. Foar rêst brocht Quick '20 de spanning werom yn de westriid mei de oanslutingstreffer.

Nei it skoft moasten de gasten út Oldenzaal mei 10 man fierder nei in reade kaart. Boersma smiet de wedstriid mei syn twadde treffer definityf yn it slot. Yn ekstra tiid mocht Quick '20 foar it slotakkoart tekenje.

Troch de winst komt de ploech fan trainer Berry Zandink op 36 punten út 18 wedstriden.

FVC pakte op sportpark Wiarda in kreas punt troch mei 0-0 lyk te spyljen tsjin Rohda Raalte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)