Winst Smilde bliuwt gelyk

05 jan 2005 - 11:35

Keninklike Smilde op It Hearrenfean hat yn 2004 likefolle winst makke as yn 2003. De omset fan it konsern is wol omheech gien. Dat komt troch de oername fan slaadsjefabryk Fano Fine Foods, ein 2003. De omset gie dêrtroch mei twintich prosint omheech en kaam út op 322 miljoen euro.

Ien en oar waard dúdlik op 'e nijjierstaspraak. Famyljebedriuw Smilde waard yn 1863 op It Hearrenfean oprjochte. Se ha no 1200 wurknimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)