Winst SCO, ferlies LDODK

29 nov 2009 - 16:50
  • SCO tsjin LDODK (foto ferline wike)

SCO hat de earste oerwinning yn de sealhaadklasse binnen. Yn sporthal De Steense fan Wolvegea waard Groen Geel mei 25-21 ferslein. Krekt foar it skoft kamen de kuorballers út Aldeholtpea op foarsprong. Fan 10-10 waard it 13-10. Yn de twadde helte koe in goed spyljend SCO de foarsprong frij maklik fêsthâlde.

LDODK rûn tsjin it earste ferlies op. Yn Wageningen wie VADA mei 23-18 te sterk. Mid-Fryslân ferlear mei 29-21 fan Die Haghe, CSL mei 23-16 fan AKC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)