By winst oerlanget Talan beker

14 maaie 2009 - 19:57
  • Jeffrey Talan oerlanget de beker as SC Hearrenfean snein de bekerfinale wint

Mocht SC Hearrenfean snein de beker winne, dan sil Jeffrey Talan de beker oerlangje. It KNVB lit de lêste jierren in bekende fan de klup dy't de finale wint, de priis oerlangje. As FC Twente de cup wint, dan sille Theo Pahlplatz en Jan Jeuring de beker útrikke.

De âld-Hearrenfean-spiler Talan is op dit stuit wurksum by Hearrenfean as jeugdtrainer. Hy spile yn 1997 mei yn de finale fan Hearrenfean tsjin Roda JC, dy't mei 4-2 ferlern waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)