Winst NUON goed foar provinsje

13 apr 2004 - 00:00

Fryslân kin dit jier rekkenje op in winstútkearing fan 12 miljoen euro fan de NUON. De winst fan it enerzjybedriuw is mei 55 prosint tanommen yn ferliking mei 2002. It nettorisseltaat kaam út op 236 miljoen euro.

De provinsje hat 12,5 prosint fan de oandielen fan de NUON yn hannen. Fryslân soe dy oandielen graach ferkeapje wolle, mar dat leit polityk dreech. De oandielen soenen sa'n ien miljard euro opsmite moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)