Winst lokale partijen foarsein

01 mrt 2014 - 11:03
  • Stimbus

Lokale partijen wurde winner by de gemeenteriedsferkiezings fan 19 maart. Dat seit it blêd Binnenlands Bestuur op grûn fan eigen ûndersyk. Dêrút docht bliken dat goed 30 prosint fan de mear as 10.000 ûnderfrege minsken op in lokale partij stimme sil. Dat is fjouwer prosint mear as by de foarige ferkiezings. Benammen manlju fan boppe de 50 mei in middelbere oplieding dy't net yn stêden wenje, kieze foar lokaal. Ut it ûndersyk docht ek bliken dat regearingspartijen PvdA en VVD flink ferlieze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)