Winst LDODK, ferlies MF

10 des 2011 - 22:42
  • LDODK

De kuorballers fan LDODK ha de wedstriid yn Kampen mei 25-23 wûn fan DOS. De thúsploech begûn goed, mar nei de 10-6 foarsprong kaam de tûke rite fan LDODK. By it skoft stie de ploech fan Gerald Aukes mei 15-12 foar. Dat ferskil waard yn de twadde helte noch grutter: 22-14 foar LDODK. DOS koe yn it lêst wer maklik de koer fine, mar it smiet gjin punten op.

Mid-Fryslân gong kopke ûnder tsjin koprinner OVVO. De ploech út Maarssen wie better, mar skrok dat Mid-Fryslân yn de twadde helte mei 10-12 dochs tichtby kaam. De einstân waard 23-15 foar OVVO. Beide teams hiene lêst fan de minne skiedsrjochter Mantel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)