Winst Kabel Noord yn 2007

24 jun 2008 - 09:43
  • Winst foar Kabel Noord

Kabel_Noord hat 2007 ôfsletten mei in posityf resultaat fan hast 375.000 euro. Dêrmei hat it bedriuw it bêste jier yn syn bestean draaid. In jier earder wie der noch ferlies. De winst fan 2007 wurdt ferdield ûnder de oandielhâlders fan it bedriuw.

Neffens de direksje komt de winst benammen troch in gruttere omset. De besteande klanten fan it bedriuw kochten mear produkten. It giet dan ûnder oare om telefoan en ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)