Winst Jong Hearrenfean, Jong Cambuur ferliest

17 aug 2015 - 21:31
  • Trainer Tieme Klompe

Jong Hearrenfean hat yn de twadde wedstriid fan de kompetysje de earste winst helle. Yn Tilburg waard Jong Willem II mei 4-0 ferslein. Tarik Kada sette de ploech fan trainer Tieme Klompe yn de earste helte op foarsprong. Nei it skoft makke Luka Zahovic syn earste goal foar de Feansters. Jong Hearrenfean spile goed, joech amper kânsen wei, en Henk Veerman en Michel Vlap soargen dêrnei foar de romme oerwinning.

Jong Cambuur ferlear by Jong PEC Zwolle mei 3-1. De Ljouwerters kamen noch wol op foarsprong troch Jamiro Monteiro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)