Winst Jong Hearrenfean

03 maaie 2006 - 07:19

Jong Hearrenfean wûn moandeitejûn de lêste kompetysjewedstriid fan jong PSV. Op sportpark Skoatterwâld makke Lasse Schöne yn de 62ste minút de winnende goal út in frije traap.

De ploech fan trener Henk Herder einige op in fjirde plak yn de kompetysje. De Feansters hellen 40 punten út 26 wedstriden. Jong AZ waard kampioen foar jong Feyenoord en jong FC Utrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)