Winst Helmholt, rekord Scherjon

13 aug 2006 - 12:21

Bart Helmholt is sneon yn Winsum foar it earst Fryk kampioen fierljeppen wurden by de senioaren. Hy sprong 19,37.

Junior Hannes Scherjon wûn de sulveren pols. Hy sprong mei 19,69 fierder as Helmholt. Dat wie in ferbettering fan it tweintich jier âlde skânsrekord. By de jonges ljepte Alwin Fonk mei 17,67 in Frysk rekord. By de froulju wûn Janneke Noordmans yn 13,98. Alle fjouwer winners komme út Burgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)