Winst Haanstra op 'e Westerein

25 jun 2003 - 00:00

Klaas Haanstra wûn woansdei it fierljeppen op de Westerein. De Warkumer ljepte al yn 'e foarronde de winnende 17 meter 76. Hy wie mei dy sprong fierút de bêste. De iennige dy't noch yn 'e buert kaam wie Henk Schievink fan Burgum mei 17 meter 63. Evert van der Wal fan It Heidenskip waard tredde mei 17 meter 20.

By de froulju gie de oerwinning nei Jantina de Vreeze-van der Wal fan Blauhûs, sy wûn it mei 13 meter 90.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)