Winst H´fean en Cambuur

30 jul 2008 - 22:47

De beide Fryske betelle fuotbalclubs ha woansdeitejûn har oefenwedstriid wûn. De Sportclub Hearrenfean spile yn Appelskea tsjin it Grykske Iraklis. Troch doelpunten fan Donovan_Deekman krekt foar it skoft en fan Christian Grindheim daliks nei de tee waard it 2-0 foar de Feansters.

Cambuur spile op de Hertgang tsjin it Skotske Falkirk. De Ljouwerters wûnen troch in doelpunt fan Ruud_ter_Heide mei 1-0. Foar de wedstriid waarden de nije spilers presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)