Winst GB Smellingerlân

06 mrt 2002 - 00:00

Gemeentebelangen is de grutte winner yn Smellingerlân. De lokale partij springt fan 2 nei 4 sitten. It CDA bliuwt de grutste partij yn Drachten mei 8 sitten, de PvdA ferliest in sit en komt op 7, de VVD hâldt trije sitten en ek SP, FNP en D66 bliuwt gelyk. Grienlinks ferliest in sit en giet fan 3 nei 2.

De Christenunie komt mei trije minsken yn 'e ried fan Smellingerlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)