Winst Fryske skakers

29 jun 2006 - 10:45

De beide Fryske skakers op it Nederlânsk kampioenskip wûnen woansdei harren partij. Yge Visser wûn fan Jan Smeets en Jan Werle fan Erwin L'Ami. Troch dit resultaat yn de foarlêste ronde hat Visser no twa en in heale punt. Hy stiet mei Jeroen Bosch op it lêste plak.

Jan Werle hat fiif punten en stiet op in dield sechsde plak. Sergei Tiviakov is de lieder mei acht punten, Ivan Sokolov hat sân en in heale punt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)