Winst foar Van der Meer-en-dy

20 jul 2003 - 00:00

It partoer fan Rutmer van der Meer, Henk Vlietstra en Taeke Triemstra hat sneon de frije formaasje partij yn Makkum wûn. Yn de finale stienen se tsjin it partoer fan Johan Abma, Kor Zittema en Marten Feenstra. De finale wie spannend en waard pas beslikke doe't alle hout oan de tillegraaf hong. Marten Feenstra miste doe it perk.

De tredde priis yn Makkum wie foar it partoer fan Johannes Dijkstra, Karel Nijman en Folkert van der Weij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)