Winst foar Tony Brundel

17 aug 2006 - 09:42

Tony Brundel hat mei it skûtsje de Lytse Lies woansdei syn earste oerwinning behelle yn de IFKS-silerij op de Sleattemermar. It slagge Brundel goed gebrûk te meitsjen fan de flagerige wyn, dy't net evenredich wie.

Yn it begjin fan de wedstryd naam Brundel al in royale foarsprong. Delmer Los kaam him achterop mar rekke letter út de wedstryd. Twadde waard Jacob Huisman, tredde Jeroen de Vos.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)