Winst foar Schuil en Nummerdor

20 jul 2012 - 06:25

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor ha tongersdei yn it grandslamtoernoai yn Eastenryk twa kear wûn. Yn de groepswedstriden yn Klagenfurt fersloegen se frij maklik de Kanadezen Saxton en Redmann (21-16, 21-17) en de Russen Barsoek en Bogatov (21-11, 21-17).

It grandslamtoernoai yn Klagenfurt is de lêste wedstryd yn de tarieding nei de Olympyske Spelen fan Londen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)