Winst foar SC Hearrenfean

13 feb 2011 - 16:27

SC Hearrenfean hat snein yn Breda tsjin NAC mei 2-0 de earste winst dit jier pakt. De Feansters hiene in goed begjin, Narsingh skeat tsjin de latte.

Fuort yn de twadde helte krige NAC in penalty, mar keeper Stuhr-Ellegaard kearde oant twa kear ta de ynset fan Schilder. Yn de 60ste minút koe de ploech fan Ron Jans út in tsjinoanfal wol taslaan. Assaidi betsjinne Narsingh en dy liet de keeper Jelle ten Rouwelaar kânsleas. Assaidi skoarde dêrnei sels de twadde goal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)