Winst foar SC Hearrenfean

14 mrt 2009 - 21:47
  • Pranjic benutte in penalty (foto: Martin de Jong)

De Sportklup Hearrenfean hat sneon de thúswedstriid tsjin Sparta mei 5-1 wûn. By it skoft wie it noch mar 1-0. Pranjic benutte in penalty. De oare Hearrenfean goals kamen yn de twadde helte op namme fan Ingelsten, Beerens (penalty), Svec en Kalou.

Sparta einige de wedstriid mei 9 man. Jaggy en Knol krigen beide twa kear giel. De goal fan Sparta kaam op namme fan Duplan. It giet sa goed mei de ploech, dat guon spilers plak twa yn de earedivyzje in realistysk doel fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)