Winst foar Sc Hearrenfean

23 des 2006 - 21:31

Sc Hearrenfean hat sneontejûn de thúswedstriid tsjin Excelsior mei 2-0 wûn. De einstân wie yn de earste helte al berikt. Afonso Alves iepene de skoare foar de Feansters yn de 25e minút. Op slach fan rêst sette Lasse Nilsson de 2-0 einstân op it boerd.

Yn de twadde helte krige Hearrenfean wol kânsen om de skoare út te wreidzjen, mar de bal woe der net mear yn. Woansdei spilet Hearrefean wer. Yn Nijmegen is NEC dan de tsjinstanner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)