Winst foar SC Hearrenfean

18 maaie 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneon mei 1-0 fan FC Zwolle wûn. Dêrmei hâlde de Friezen in lytse kâns op Europeesk fuotbal. Selakovic makke it iennige doelpunt yn de 36e minút.

Trener Foppe de Haan wie net tefreden nei ôfrin. In tal mooglikheden om te skoaren waarden net brûkt. Of syn ploech de winst fertsjinne, wist er net. Wat telt binne de trije punten, sei er. Syn konklúzje oer de wedstriid wie: meager en net goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)