Winst foar partuer Minnertsgea

30 maaie 2003 - 00:00

It partuer fan Minnertsgea wûn tongersdei de ôfdielingskeatspartij yn Tsjommearum. Ut in list fan 51 partoeren kamen Minnertsgea en Arum as finalisten út de bus.

Klaas Anne Terpstra, Jacob en Chris Wassenaar wiene mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Arum. Dat hie mei de 40-jierrige Tunno Schurer in echte feteraan yn de gelederen. Mei Robert Rinia en Arie den Breejen koe er it yn de finale lykwols krekt net risse tsjin Minnertsgea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)