Winst foar Oranjefroulju

22 sep 2011 - 09:08

De Nederlânske fuotbalfroulju binne de kwalifikaasje foar it EK 2013 begûn mei in 6-0 oerwinning op Servië. Sherida Spitse fan Sportklup Hearrenfean spile yn de basis, Nangila van Eyck en Marije Brummel kamen as ynfalsters yn it fjild.

Manon Melis wie mei fjouwer goals de grutte frou by Oranje. Mandy van den Berg en Anouk Hoogendijk makken de oare goals. De oare tsjinstanners fan Nederlân yn de pûl binne Ingelân, Slovenië en Kroäsië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)