Winst foar ôffalferwurker

25 apr 2009 - 12:29
  • Winst út ôffalferwurking

Afvalsturing Friesland hat ferline jier mear as trije miljoen euro winst makke. Foar in part komt dat troch de ferkeap fan 49 prosint fan de oandielen yn it sloopbedriuw Jager yn Midwolde. Ek wurdt effisjinter wurke en is mear biogas út ôffal makke as ferwachte.

Gemeenten hoege de lêste jierren hieltyd minder te beteljen foar de ferwurking fan ôffal. As de nije reststoffe-enerzjysintrale yn Harns klear is, wurde de tariven noch leger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)