Winst foar Mid-Fryslân

16 des 2007 - 16:49

Nei it spektakelstik fan ferline wike tsjin Drachten moast Mid-Fryslân snein spylje yn Enschede tsjin DOS/WK. De koprinner fan ´e haadklasse A wûn ek dizze wedstriid mei 24-22.

By it skoft wie it 14-9 yn it foardiel fan Mid-Fryslân. DOS/WK kaam yn ´e twadde helte werom (17-17), mar de einsprint fan Mid-Fryslân brocht de winst. Peter_Tolsma en Marvin_Smorenburg makken foar de ploech út Grou/Reduzum beide sân doelpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)