Winst foar Lootsma en dy

05 jul 2004 - 12:12

It partoer Sibbele Lootsma, Tjitte Bonnema en Marten Feenstra hat snein it frije formaasje keatsen yn Harns wûn. Yn in moaie en spannende finale, dy't santich minuten duorre, waard it partoer fan Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Auke van der Graaf mei 5-5, 6-2 ferslein.

It wie de earste winst foar it partoer Lootsma. Feenstra waard útroppen ta kening. It tredde plak wie foar Bouma, Van der Veen en Triemstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)