Winst foar Lemster skûtsje

03 aug 2000 - 17:17

It skûtsje fan De Lemmer hat woansdei frij ferrassend it Skûtsjesilen wûn by Terherne. Twad waard Hearrenfean, Snits waard op de eigen mar tredde. In moaie opstekker foar Ale Zwerver, foar it twadde jier skipper by De Lemmer. Syn 'thúswedstriid' moat noch komme.

Trije skippen einigen net, Drachten en Ljouwert fanwege in brutsen gaffel. Grou bliuwt lieder yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)