Winst foar LDODK, Mid-Fryslân

25 apr 2011 - 17:07
  • argyffoto

De kuorballers fan LDODK pakten it fjildkuorbal op peaskemoandei goed op. De ploech fan trainer Gerald Aukes wûn de earste fjildwedstriid tsjin AKC mei 25-11. LDODK dat yn de seal krekt net foar de prizen meidie, stie nei oktober 2010 doe't it kuorbaljen de seal yngie, fjirde.

Yn de selde haadklasse B wûn Mid-Fryslân mei gemak de Fryske derby fan SCO. It waard 16-8 en dêrtroch docht Mid-Fryslân mei yn de kop fan de ranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)