Winst foar Koopmans Moal

23 maaie 2013 - 12:04
  • It moalfabryk fan Koopmans yn Ljouwert

Koopmans Koninklijke Meelfabrieken yn Ljouwert hat yn 2012 in netto winst helle fan hast in miljoen euro. It jier dêrfoar draaide it bedriuw noch mei in ferlies fan trije ton. De direksje is tefreden oer de winst. Koopmans hat al jierren te krijen mei in soad konkurrinsje yn de eigen brânzje.

It bedriuw besiket syn posysje te fersterkjen troch û.o. de kosten better yn de hân te hâlden en mear te ynnovearjen. Koopmans ferwachtet dêrmei oer dit jier ek likernôch in miljoen euro winst te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)