Winst foar Jong Hearrenfean

28 okt 2003 - 00:00

Jong Hearrenfean hat moandei yn Tilburg mei 2-3 wûn fan Jong Willem II. It waard earst 0-2 troch in eigen goal fan Willem II-spiler Delanoy en in doelpunt fan Jos Hooiveld. Troch persoanlike fouten stie it binnen fiif minuten wer gelyk, mar flak foar tiid sleepte Manou Dagher foar Hearrenfean de winst binnen. De beloften steane no twadde.

Der wiene yn Tilburg twa reade kaarten: ien foar Willem II en ien foar oan- fierder Renë van der Weij fan It Fean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)