Winst foar Hearrenfean

07 feb 2006 - 10:17

Hearrenfean hat snein in nuttige winst boekt. Tsjin ADO Den Haag wûnen de Feansters mei 3-0. Nilsson skoarde alle trije doelpunten.

De ploech fan trener Verbeek koe in goed resultaat wol brûke nei in tal mindere wedstriden. It wie oars net in al te bêste wedstriid, wêryn It Fean by de twadde goal in hantsje holpen waard troch âld-spiler Bakkati, dy't no foar Den Haach spilet. Hearrenfean stiet no sechsde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)