Winst foar Hearrenfean

19 jan 2003 - 00:00

Hearrenfean hat sneon mei 1-0 fan it Dútske Kaiserslautern wûn. Dat barde op de oefenkampanje yn Turkije. In moaie opstekkker, de Dútske ploech spile yn de sterkste opstelling. John de Jong makke de goal foar Hearrenfean.

It wie in pittige wedstryd, mei in soad giel en in pear hollewûnen. Nije spits Sibon spile in goede wedstryd. "Hy is fysyk sterk en kopsterk. En yn in topkondysje," sa oardielde Johan Hansma oer syn nije ploechgenoat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)