Winst foar Harkemase Boys

21 apr 2012 - 16:54

Topklasser Harkemase Boys hat it degradaasjeduel tsjin Montfoort sneon mei 1-0 wûn. Marcel Pannekoek makke yn de earste helte it winnende doelpunt. Yn de twadde helte wie it fuotbal fan beide kanten net al te bêst. Beide ploegen krigen in pear grutte kânsen, mar de stân net mear feroarje. Harkemase Boys hat no 25 punten út 28 wedstriden. De ploech stiet dêrmei op it trettjinde plak, dat is it promoasje-degradaasje plak. Bliuwe de Boys op dat plak stean, mei noch twa wedstriden te spyljen, dan wachtet de neikompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)