Winst foar Fryske haadklassers

04 des 2005 - 10:30

Yn in net al te bêste wedstriid wûn koprinner ONS Snits fan HHC út Hardenberg. Troch in doelpunt yn de 89e minút fan Sander van der Heide waard it 1-0 foar de Snitsers.

Harkemase Boys spile yn Kampen tsjin DOS Kampen. De Harekiten kamen foar it skoft op in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Anton Jongsma en Tony Albeda. Nei 90 minuten stie dy stân noch op it skoareboerd. Drachtster Boys wûn thús mei 4-1 fan Go Ahead Kampen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)