Winst foar follybalsters Snits

16 feb 2014 - 12:42

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn mei 3-1 wûn fan Talententeam Papendal. Yn eigen hûs gong de earste set oertsjûgjend mei 25-14 nei de Snitser froulju. De twadde set waard in proai foar Papendal dat mei 25-20 de stân wer yn lykwicht brocht.

Yn in spannende tredde set wie it Snits dat mei muoite in efterstân fuortwurke en úteinlik de setwinst pakte mei 25-23. Yn de fjirde set makken de Snitser froulju fan Petra Groenland dêrnei maklik dien wurk troch de einoerwinning oer de streek te slepen mei 25-16.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)