Winst foar Flyers

23 feb 2003 - 00:00

De Formido Flyers ha sneon in goed resultaat boekt. Se wûnen thús fan Nijmegen. Troch dit resultaat ha de Flyers wer kâns om yn de play-offs it sterke Amsterdam te ûntrinnen.

De 3-2 oerwinning wie in dregen ien. De Flyers misten in soad kânsen. Nijmegen koe dêrtroch lang bybliuwe, mar oan de ein fan de tredde perioade makken de Flyers de winnende treffer. Nijmegen spile doe al mei in soad jeugdspilers, om de oaren wat te sparjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)