Winst foar Enexis oer 2009

27 apr 2010 - 10:38

Stroom- en gasnetbehearder Enexis draaide ferline jier in nettowinst fan 263 miljoen euro. Enexis ûntstie ferline jier doe't enerzjybedriuw Essent fanwege nije wetjouwing splitst wurde moast yn in produksje- en in leveringsbedriuw. Essent Netwerk krige de namme Enexis en waard in selsstannich bedriuw.

Enexis is yn Fryslân aktyf as stroombehearder yn Ljouwert en omkriten. Yn Súd- en Noardwest-Fryslân beheart Enexis it gasnetwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)