Winst foar De Friesland

05 jan 2011 - 10:03

De Friesland hat yn 2010 in winst fan 31 miljoen euro boekt. Dêrfan komt 20 miljoen út de opbringst út belizzings. De rest komt út in effektivere bedriuwsfiering.

De soarchfersekerder tinkt ek dit jier súkses te boeken. It skerper ynkeapjen fan soarch by bygelyks sikehuzen is dêrby belangryk. It kommende jier wol De Friesland mei projekten begjinne mei bepaalde doelgroepen lykas beweechprogramma's foar bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)