Winst foar Cambuur

07 sep 2007 - 22:50

SC Cambuur hat freedtejûn thús mei 2-1 wûn fan Volendam. De Ljouwerters kamen yn de 39e minút op efterstân troch in goal fan Platje. Yn de 85e minút soarge ynfaller Marinus Dijkhuizen mei in kopbal foar de lykmakker. Yn de blessueretiid skoarde Adnan Barakat de winnende treffer.

It is de twadde seizoensoerwinning foar Cambuur. De Ljouwerters gean nei dizze oerwinning fan in 17e nei in 11e plak yn de ranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)