Winst foar Cambuur

12 feb 2005 - 00:00

Fuotbalklub Cambuur hat freed de twadde winst fan it seizoen helle yn in útwedstriid. Yn en tsjin Dordrecht waard mei 1-2 wûn.

De oerwinning tsjin Dordrecht, fjirde yn de kompetysje, wie terjochte. Cambuur wie de hiele wedstriid better. Foar de Ljouwerters skoarden Koen Brack út in penalty en Dominique van Dijk. Troch de oerwinning docht cambuur noch geoid mei yn de striid om de tredde perioade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)