Winst foar Cambuur

17 des 2000 - 00:00

Cambuur hat sneon mei 2-1 wûn fan Helmond Sport. Foar Cambuur skoarde Rook yn de earste helte. Van der Heide makke de wichtige winnende treffer.

It oerwicht fan Cambuur waard net útdrukt yn de stân, want de ploech fertsjinne mei gruttere sifers te winnen. De keeper fan Helmond Sport hie lykwols in goeie jûn. Boppedat rekke Cambuur in stikmannich kear de latte en de peal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)