Winst foar beloften Hearrenfean

14 okt 2003 - 00:00

It belofteteam fan SC Hearrenfean hat moandei mei 2-0 fan jong Volendam wûn. Yn it Abe Lenstrastadion spilen beide ploegen in aardige earste helte. Yn de 25ste minút makke Jesper Hakansson 1-0. Healwei de twadde helte skeat René van der Wey de ploech fan trainer Jan de Jonge nei de 2-0 einstân.

Troch de winst hat jong Hearrenfean no 12 punten út 6 wedstriden. Feyenoord is koprinner yn de beloftekompetysje mei 16 punten út 7 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)