Winst foar Arjan Stroetinga by massastart yn Enschede

02 nov 2015 - 07:44
  • Arjan Stroetinga op kop

Arjan Stroetinga út Waskemar hat snein de twadde kompetysjewedstriid yn de massastart wûn. Yn Enschede bleau er yn de sprint syn teamgenoat Alexis Contin en Gary Hekman foar. Mei syn winst ferovere Stroetinga ek in plakje yn de seleksje fan bûnscoach Geert Kuiper foar de wrâldbekerwedstriden op dit ûnderdiel. Stroetinga pleatste him ek op de 10 kilometer foar de wrâldbekers.

By de froulju waard Manon Kamminga fan It Hearrenfean tredde op de massastart. Dat levere har in plak yn de seleksje foar de wrâldbekerwedstriden op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)