Winst foar Aris yn Weert

06 des 2009 - 17:59
  • Aris-coach Pete Miller

De basketballers fan De Friesland Aris ha snein in maklike oerwinning helle yn en tsjin Weert. De Ljouwerters wienen mei 80-59 folle sterker.

Aris pakte fuortdaliks it inisjatyf yn de wedstriid. It earste kwart waard ôfsletten mei in stân fan 21-15. By it skoft stienen de Ljouwerters mei 44-31 foar. Nei 60-51 yn it tredde kwart rûn Aris úteinliks út nei in oertsjûgjende 80-59 oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)